Kuierje tsjin demintens

Argyffoto Lenus van der Broek
Alle dagen in healoerke kuierje kin de sûnens fan pasjinten dy't lije oan demintens ferbetterje. Dat is de útkomst fan in ûndersyk fan de Universiteit fan Amsterdam ûnder tsientallen pasjinten fan soarchgroep De Friese Wouden. Dy is sûnt in heal jier dwaande mei in projekt om deminten mear bewege te litten.
Yn Burgum is de tuskentiidske útkomst fan it ûndersyk bekend makke. It ûndersyk rint in jier en it duorret noch oardel jier.