Tryaterbrân: miljoeneskea

28 maaie 2010 - 12:06

De skea troch de brân by Tryater is folle grutter as tocht. Ferline wike snein baarnde in frachtwein mei ljochtmateriaal en dekôrstikken út. De skea waard doe rûsd op in pear ton. Mar it gebou is ek sa fernield rekke dat der in nij dak op moat en alle liedings moatte ferfongen wurde. Dêrtroch leit de skea sawat op in miljoen euro.

De fersekering dekt de skea wol, mar net de ekstra kosten foar de foarstellings.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)