Skilders falle fan steger

28 maaie 2010 - 10:34

Twa skilders binne tongersdei yn Moarre ferwûne rekke doe't se fan in steger foelen. In ynwenner fan Ferwert waard net goed by it skilderjen fan in hûs. Hy foel dêrtroch fan in fjouwer meter hege steger en naam yn syn fal in ynwenner fan Burdaard mei.

Beide manlju binne mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs. It is net bekend hoe slim oft de ferwûnings binne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)