Chris de Wagt nei ONS Snits

Chris de Wagt stapt oer nei ONS Snits
Chris de Wagt spilet takom jier foar haadklasser ONS Snits. De ferdigener waard it ôfrûne healjier troch SC Cambuur ferhierd oan FC Oss. Yn Ljouwert waard syn ôfrinnende kontrakt net ferlingd.
De Wagt rûn de hiele jeugdoplieding fan Cambuur troch en spile úteinlik 100 wedstriden yn it earste alvetal. Foar FC Oss spile er 14 wedstriden. Yn totaal skoarde De Wagt 12 kear yn it betelle fuotbal. By ONS treft er ûnder oaren syn broer Leo de Wagt.