Skoalle ynstallaasjetechnyk

28 maaie 2010 - 06:54

Ljouwert hat der in nije skoalle foar praktykûnderwiis by. Tongersdei iepene dêr in nij praktyksintrum fan it Regionaal Opleidingsbedrijf Installatietechniek, yn it koart ROI.

Skoalbern hoeche tenei net mear nei Grinslân of Drinte te reizgjen om in praktykoplieding yn dizze rjochting te dwaan. De learlingen krije ien dei yn de wike les. De oare fjouwer dagen wurde brûkt om dingen yn de praktyk ûnder de knibbel te krijen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)