Feesttinten earder ticht

28 maaie 2010 - 06:46

Alle feesttinten yn Tytsjerksteradiel moatte nachts om ien oere ticht. Dat is ien fan 'e foarstellen fan boargemasters en wethâlders yn in nij evenemintebelied. Op dizze manier hoopje se de jongerein earder op stap te krijen. Dat soe soargje moatte foar minder oerlêst.

Organisatoaren fan festivals sjogge it net sitten, want krekt yn 'e lêste oere wurdt in protte winst makke. Nei alle gedachten beslút de ried yn july oer it foarstel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)