Belly Wien net wer yn Snits

Sirkus Belly Wien sil sa't it no liket net gau werom komme yn Snits. De gemeente lit yn in brief witte dat it sirkus de kommende jierren net op in fergunning hoecht te rekkenjen.
It sirkus hie goed twa wike lyn te krijen mei ûngeregeldheden. Sa wie der spul mei gasten oer frijkaarten. Dit gie sa fier dat in 13-jierrich famke yn it gesicht slein waard. Neffens it sirkus gie dit per ûngelok. De gemeente fynt de gong fan saken lykwols ûnakseptabel.