Winst Roelof Bouwmeester

Roelof Bouwmeester (argyffoto)
Roelof Bouwmeester kaam op de twadde dei fan de Delta Lloyd Regatta ien kear yn aksje. Mar yn de jûnsoeren sylde hy syn Laser wol as earste oer de einstreek. Troch de winst klimt er nei it sechsde plak yn it klassemint. Pieter-Jan Postma sakket troch syn 23ste plak yn de Finn nei it 14e plak.
Brechtje van der Werf is mei Renee Groeneveld en Annemieke Bes fierder by it matchracen. Krekt as it Frânske team fan Anne-Claire Le Berre waarden seis fan de sân wedstriden wûn.