Klanten UPC wer oansletten

27 maaie 2010 - 21:54

In kabelbreuk hat derfoar soarge dat in grut part fan de klanten fan UPC tongersdei gjin tillefoan, tillevyzje of ynternet hie. Minsken yn ûnder oare Ljouwert, Stiens en Harns koene sûnt de betide moarn gjin gebrûk mear meitsje fan it netwurk fan UPC.

Om goed kertier oer achten jûns koe de breuk pas makke wurde. By graafwurksumheden wie de kabel stikken lutsen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)