Marit Bouwmester bliuwt earste

27 maaie 2010 - 20:15

Marit Bouwmeester hat op de twadde dei fan de Delta Lloyd Regatta op 'e Iselmar by Medemblik har kopposysje yn it Laser Radial-klassemint beholden.

De fjirde race waard wûn, har tredde oerwinning yn twa dagen. Yn de fiifde gong it mis. Marit skatte de wyn ferkeard. It 21ste plak mei de sylster fan Warten ôflûke. Marit hat no 7 punten. De nûmer twa, de Tsjechise Veronika Fenclova, hat 10 punten. Evi van Acker fan België en Tina Mihelic (Kroäsië) ha 14 punten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)