Harmonie: skea nepbom ferhelje

Stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert
Direkteur Oostvogel fan De Harmonie yn Ljouwert wol de finansjele strop dy it teater troch de nepbom fan snein oprûn hat op de dieders ferhelje. De nepbom waard 75 meter achter it teater fûn. Dêrom moast der in ein oan in foarstelling fan It Amelanner duo Van Geeft'M makke wurde. Der siten mear as twahûndert minsken, wêrûnder in soad fan it eilân yn de seal en dy krigen te hearren dat se de seal en it teater út moasten.
De dieders binne noch net fûn. Der wurdt socht nei de opfarrenden fan in boatsje dy't in rûn ding oerboard smiten hawwe.