Pittich eksamen ierdrykskunde

Piet Paulusma die ek eksamen
Tongersdei stie foar de Havo it eksamen ierdrykskunde op it programma. In swier eksamen, sa fûnen dosinten en kandidaten. Yn it gymlokaal fan it Simon Vestdijk Kolleezje yn Harns waarden 36 jongeren befrege oer it klimaat, de ekonomy en de groei fan de befolking. Waarman Piet Paulusma die foar de aardichheid ek mei oan it eksamen op syn âld-skoalle.
Yn 2,5 oere waarden de learlingen befrege oer de ekonomy fan Yndonezië, fulkanen en it klimaat op Madagaskar.