Fertochten Club Q langer fêst

De twa fertochten dy't as earste oanhâlden binne yn de saak Club Q bliuwe noch trije wike fêstsitten. It giet om in 17-jierrige jonge út Feanwâlden en in jonge fan 18 jier út Damwâld. Se wurde fertocht fan belutsenheid by de fjochtpartij mids april wêrby't de 16-jierrige Redmar Smedema út Burgum ferstoar.
By in twadde fjochtpartij letter op de jûn rekke de 20-jierrige Gerard Dijkstra fan Damwâld swier ferwûne. Dy is de lêste dagen wer opknapt.