Waadfiskers wolle frijheid

Fiskers op it Waad moatte mear frijheid krije om los fan Europeeske fangstkwota te fiskjen. De regio moat better behelle wurde yn besluten oer it Waad. Dat binne twa punten út in nije fyzje op de takomst fan de fiskerij op it Waad.
Dy fyzje is makke yn opdracht fan it Regionaal College Waddengebied en is tongersdei troch deputearre Douwe Hollenga fan Grinslân oerlange oan demisjonair minister fan Lânbou en Fiskerij Gerda Verburg.