Balkenende mei hely nei debat

27 maaie 2010 - 11:57

CDA-listlûker Jan Peter Balkenende komt foar it grutte listlûkersdebat tongersdeitemiddei yn Grins, mei de helikopter. Balkenende hie earder oanjûn pas om fiif oere oanwêzich wêze te kinnen, wylst it debat al om fjouwer oere begjint.

Balkenende fynt it lykwols wichtich om der fan it begjin fan it debat ôf by te wêzen. Dêrom komt er no mei de helikopter út Enschede. It debat tongersdeitemiddei giet tusken de listlûkers fan de sân grutte partijen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)