Asbest by brân Drachten
By in brân yn in skuorre achter in wenning yn de Valkstrjitte yn Drachten is woansdeitenacht mooglik asbest frij kaam. Omdat it fjoer drige oer te slaan nei oare skuorren, waard de brânwacht ynskeakele. Dy hie de brân gau ûnder kontrôle.
Fanwege it mooglike asbest is it gebiet mei linten ôfset. It is noch net dúdlik hoe't it fjoer yn de skuorre ûntstean koe.