Rouam-Sim nei KV Mid-Fryslân
Mei yngong fan takom seizoen sil Timothée Rouam-Sim spylje foar kuorbalklup Mid-Fryslân. Dat is in topkuorbalinisjatyf fan Marfûgels út Grou en Stânfries út Reduzum.
Rouam-Sim spilet no noch foar SCO yn Aldeholtpea en giet mei de oerstap nei Mid-Fryslân in nije útdaging oan. Mid-Fryslân is bot ynnaam mei de nije oanwinst.
Trefwurden:
argyf