Gearwurking P. Jelles en BWS

Iepenbiere skoallemienskip Piter Jelles en de Boargemaster Walda skoallemienskip op It Amelân sille gearwurkje. De beide skoallen sille mei yngong fan augustus foar twa jier de krêften bondelje op it mêd fan ûnder oare ûnderwiiskundich belied en personiel en organisaasje.
Doel fan de gearwurking is om de neidielen fan skaalfergrutting tsjin te gean en de kwetsbere posysje fan de skoalle op It Amelân te ferbetterjen.