'Geskikt om klup te lieden'

De nije foarsitter fan SC Hearrenfean is gjin sportman, mar wol deeglik geskikt om de klup te lieden. Dat seit Bart van der Meer fan de Ried fan Kommissarissen oer Robert_Veenstra. De Burgumer is no de grutte baas by Stenden University. Robert Veenstra sels is wiis mei syn beneaming as foarsitter fan Sportklup Hearrenfean. Hy begjint 1 augustus.
Ald-spiler Johan Hansma wurdt technysk manager by de fuotbalklup.