Primeur: swiete griene paprika

Sweet Green is de namme fan de earste, swiete griene paprika yn 'e wrâld. Hy is yn Berltsum útfûn. Griene paprika is oars altyd bitter, om't dy net ryp is. Kwekerij Noorderlicht hat de wrâldprimeur fan de swiete, griene paprika. Der is tolve jier oan wurke.
De Sweet Green leit al in pear wiken yn de winkel. De earste yndruk is dat de griente goed ferkeapet. Yn alle gefallen net minder as de reade en giele paprika's.