Krityk op DS oer oankeap grûn

Provinsjale Steaten hiene krityk op it beslút fan Deputearre Steaten om foar goed 6 miljoen euro lân by Aldegea (Sm.) te keapjen. Der binne plannen foar in grut mar en dêrom wie de 28 bunder lân al kocht. Der leit lykwols noch gjin beslút oer de mar.
Neffens FNP en VVD kin de provinsje no kwalik mear in objektyf beslút nimme. De Steaten wiene ek lilk om't de provinsje earder dreech wie mei it beskikber stellen fan jild foar in ûndersyk nei de miljeu-effekten.