Reling útkyktoer fernield

26 maaie 2010 - 15:07

De útkyktoer yn de Keale Dunen by Appelskea is it ôfrûne wykein fernield. Unbekenden hawwe de houten reling fan de boppeste ferdjipping trochseage. Dêrtroch hiene minsken fan de hege toer falle kinnen.

Eigner Steatsboskbehear sprekt fan in 'misselijke grap' en hat by de plysje oanjefte dien fan de fernielings. Ek in ynformaasjeboerd by de toer is fernield. Steatsboskbehear hat de fernielde reling wer makke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)