Gearwurkje om krimp te kearen

Undernimmers moatte gearwurkje yn de striid tsjin de befolkingskrimp. Dat wie it boadskip op in sympoasium yn Drachten. Troch meielkoar gebieten mei winkels yn gruttere kearnen yn stân te hâlden en te promoatsjen, kinne ûndernimmers de gefolgen fan de krimp opfange.
Ut ûndersyk docht bliken dat bewenners fan it plattelân wol fierder ride wolle foar de boadskippen, as der dan genôch oanbod is. De krimp freget om in oare wize fan ûndernimmen.