Transporteur Koehoorn fallyt

26 maaie 2010 - 11:29

Transportbedriuw Koehoorn fan It Hearrenfean is troch de rjochtbank fallyt ferklearre. It bedriuw fan heit en soan Koehoorn hat troch de resesje te min wurk om finansjeel rûn te kommen. By it bedriuw wurkje seis minsken. Mei sân frachtauto's fersoarget Koehoorn ûnder oare ferhuzings en meubeltransporten.

De kurator dy't it fallisemint ôfhannelet, kin noch neat sizze oer in mooglike trochstart. Foarearst ferwurket it bedriuw wol de opdrachten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)