Bêste Fryske klimaatstrjitte
De Meester D.J. Cuipersstraat yn Boalsert is útroppen ta bêste Fryske klimaatstrjitte fan 2010. Dat betsjut dat de bewenners in soad dogge oan enerzjybesparring.
Demisjonêr-minister Tineke Huizinga fan VROM bringt sneon in besite oan de strjitte. Se sil in boerd ûntbleatsje. Ek deputearre Hans Konst en boargemaster Vroegindeweij fan Boalsert binne dêr by.