Wumkeshûs bestiet 100 jier
Wensoarchsintrum Dokter Wumkeshûs yn Snits bestiet 100 jier. It sintrum fiert dat mei in feestwike. Dy wike begjint moandei. Dan krije twa pakesizzers fan Wumkes in boek oanbean oer de skiednis fan it wensoarchsintrum. Ek wurdt in foto-eksposysje iepene.
Fierderop yn de wike is der in reüny foar âld-meiwurkers. Ek is der in teaterfoarstelling.