Provinsje moat besunigje

De provinsje wol takom jier 22,5 miljoen euro besunigje. It grutste part dêrfan, 6 miljoen euro, moat komme út de eigen organisaasje. De provinsje tinkt noch effisjinter wurkje te kinnen. Der wurde minder eksterne wurknimmers ynhierd.
Amtners hoege foarearst net benaud te wêzen har baan te ferliezen. Se krije in baangarânsje oant 2012. De provinsje kiest derfoar om foarearst noch net te besunigjen op de ynstellings dy't subsydzje krije.