Soargen oer wetterpeil Iselmar

De provinsje Fryslân en ferskate natoerorganisaasjes meitsje harren minder soargen oer it opheegjen fan it wetterpeil fan 'e Iselmar. Nei in wurkbesite fan de nije Deltakommissaris Kuijken waard dúdlik dat it noch lang net wis is dat it wetterpeil yn 'e Iselmar yn de takomst mei oardel meter omheech giet.
Kuijken praat twa dagen lang mei alle organisaasjes dy't belangen ha by de Iselmar.