Weening 64e yn klimtiidrit

25 maaie 2010 - 21:26

Hurdfytser Pieter Weening fan De Harkema is tiisdei as 64e einige yn de 16e etappe fan de Ronde fan Italië. Yn de klimtiidrit oer 13 kilometer die Weening der 4 minuten en 41 sekonden langer oer as winner Garzelli.

Yn it klassemint stiet de fytser fan de Rabobankploech 28e op 37.56 fan klassemintslieder David Arroyo. De kommende wike steane der noch in pear berchetappes op it programma. De Giro d'Italia einiget kommende snein yn Verona.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)