Pachtprizen pleagje boeren

25 maaie 2010 - 18:15

Guon boeren komme yn de problemen troch it omheech gean fan de pachtprizen. De prizen binne de ôfrûne jierren wol sa'n fyftich prosint omheech gien. Sa'n tritich prosint fan de Fryske greiden wurdt op it stuit ferpachte.

Neffens Jappie Rypma fan Alfa Accountants en bedriuwsadviseurs binne foaral boeren dy't allinnich pachtgrûn ha no de pineut. Ek al omdat se minder opbringsten hawwe. Rypma wol in oare systematyk fan pachtprizen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)