AOC makket sels natuertún

Learlingen fan it AOC Friesland lizze by harren skoalle sels in natuertún oan. It AOC is in griene skoalle op MBO-nivo. Tusken hegeskoalle Van Hall Larenstein en AOC Friesland leit in stik grûn dat net brûkt waard. De kommende twa wiken bouwe learlingen dat stik om ta in natuertún. Foar guon learlingen is it it einprojekt fan 'e oplieding.
As alles neffens de planning ferrint, sil op freed 4 juny de natuertún klear wêze.