Slachtoffer Club Q knapt op

De 20-jierrige Gerard Dykstra fan Damwâld dy't slimferwûne rekke by de fjochtpartij by Club Q yn Noardburgum, begjint hast mei syn revalidaasje. Dat hat de plysje witte litten. Dykstra rekke nei de fjochtpartij by de diskoteek yn koma. Undertusken kin er wer fan bêd ôfkomme en prate.
By in oare fjochtpartij yn deselde nacht kaam Redmar Smedema (16) út Burgum om it libben. De plysje hat tiisdei opnij fertochten foar de fjochtpartijen oanhâlden.