Brommereksamen: soad slagge

25 maaie 2010 - 15:05

It nije bromfyts-eksamen is yn Fryslân in súkses. Dat docht bliken út in earste ynventarisaasje. Yn Fryslân hawwe 250 jongeren it nije eksamen ôflein. Fan harren is 86 prosint slagge. Dat is 4 prosint heger as it lanlik trochsneed.

Meiinoar hawwe no 3100 Fryske jongeren it bromfytseksamen dien. Nei in wat drege start is dat wat it Centraal Bureau Rijvaardigheid foar eagen hie.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)