Ipewacht wol ikerûp bestride

25 maaie 2010 - 12:36

De Stichting Iepenwacht Fryslân fynt himsels poer geskikt om de ikeprosesjerûp te bestriden. De rûp komt de lêste jierren hieltyd faker foar yn Nederlân. Sûnt in pear jier wurdt er ek yn it suden fan Fryslân sjoen. De hierkes fan it bistje kinne foar allergyske reaksjes soargje. Dat kin him uterje yn jûkte.

De ipewacht seit oer in organisaasje te beskikken dy't neist sike ipen ek ikeprosesjerûpen oanpakke kin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)