Alvestêdefytser ferstoarn

Foto: Henk Bootsma
In 76-jierrige dielnimmer oan de Fytsalvestêdetocht is moandei ferstoarn. De man foel en ferstoar letter oan syn ferwûnings. It gie om in iensidich ûngelok yn de buert fan Marsum.
De tocht wie neffens de organisaasje frij dreech troch de stevige wyn. Dochs hellen de measte dielnimmers wol de finish yn Boalsert. Fan de fjirtjintûzen minsken dy't fan start giene, kamen mear as tolvetûzen oer de einstreek.