Snits Wyt Swart wint beker

Snits Wyt Swart hat moandeitejûn de noardelike KNVB-beker wûn. Op eigen fjild wiene de Snitsers mei 2-1 te sterk foar sneonshaadklasser en takom seizoen topklasser Genemuiden.
Snits Wyt Swart kaam yn de 26e minút op foarsprong troch Age Hains Boersma. Flak nei it skoft ferdûbele Freerk de Jong de foarsprong. Genemuiden makke tsien minuten foar tiid noch de oanslutingstreffer. Mar fierder liet de Fryske sneinshaadklasser it net komme.