Auto rydt op 11-stêdepublyk yn

24 maaie 2010 - 15:01

De man fan 92 jier dy't moandei yn Aldemardum mei syn auto op it alvestêdepublyk ynried, hat dat net mei sin dien. Dat hat de man tsjin de plysje ferklearre. De bestjoerder stie parkeard en soe fuortride. Ynstee fan it rempedaal, trape er it gaspedaal yn, wêrtroch't er op it publyk ynried.

Fjouwer minsken binne ferwûne rekke. Twa fan har moasten nei it sikehûs op It Hearrenfean. Sy rekken ferwûne oan 'e holle en it ankel. De twa oaren koene op it plak sels behannele wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)