3600 scouts ite broadsjes

24 maaie 2010 - 12:21

Yn de Marnewaard hawwe 3600 scouts moandeitemoarn besocht in rekôr te brekken mei it iten fan broadsjes. It tachtichste pinksterkamp fan de scouts waard fierd mei te besykjen yn it Guinnes Book of Records te kommen mei it aldergrutste moarnsbrochje ea.

De dielnimmers komme út de trije noardelike provinsjes en kampeare fjouwer dagen lang yn it natuergebiet. It nije rekôr is fêstige, want in âld rekôr wie der noch net.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)