Wetterskippen enerzjysuniger

23 maaie 2010 - 16:39

Wetterskip Fryslân wol mei de trije oare wetterskippen yn it Noarden alle rioelwetter-suveringsynstallaasjes op de Waadeilannen en oan de kust enerzjysuniger meitsje. De wetterskippen hawwe dêrfoar subsydzje oanfrege by it waadfûns.

Neffens Harry Boon fan Wetterskip Fryslân komme by it ferwurkjen fan ôffalwetter biogemyske stoffen frij, dy't wer brûkt wurde kinne by enerzjy-opwekking. Ek it rioelslib kin wer opnij brûkt wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)