Asbest by pleats oprêden

(Foto: Michel Stienstra)
De bewenners fan de ôfbrânde wenpleats oan de Ljouwerterdyk yn Blije hawwe ûnderdak oanbean krigen yn it doarpsloazjemint yn Ferwert. Se hawwe de kaai krigen fan boargemaster Van den Berg. De brân yn Blije ûnstie sneintemoarn om goed 4 oere. De hiele pleats is ôfbrând.
Yn in gebiet fan 100 meter om de wenpleats hinne is asbest delkaam. Dêr steane fierder gjin huzen. It wurdt snein oprêden troch spesjalisearre minsken.