Swierferwûne by botsing beam

23 maaie 2010 - 16:03

In noch ûnbekende man is sneintemoarn swierferwûne rekke doe't er mei syn auto út de bocht fleach op de Camminghaburg yn Ljouwert. Hy botste tsjin twa beammen. Ien fan beide beammen is dêrby finaal omriden.

Mei help fan de brânwacht, twa ambulânses en it Mobyl Medysk Team út Grins is de man út syn auto befrijd wêrnei't er nei it sikehûs yn Grins brocht is. De plysje docht no ûndersyk nei hoe't it ûngelok barre koe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)