Auto botst op plaknammeboerd

23 maaie 2010 - 15:40

In ynwenner fan Aldwâld is sneintemoarn ferwûne rekke by in ûngemak mei syn auto. Hy ried oer de Foarwei yn it doarp doe't er de macht oer it stjoer kwytrekke. De auto rekke dertroch yn in slip en botste tsjin it plaknammebuordsje om dêrnei op in beam te klappen.

It slachtoffer rekke beknypt en moast troch de brânwacht út de auto befrijd wurde. Hy is mei noch ûnbekend letsel oerbrocht nei it MCL-sikehûs yn Ljouwert.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)