Kalkoengier sjoen yn Idaerd

23 maaie 2010 - 11:42

Yn Idaerd is sneintemoarn opnij besocht om de ûntsnapte kalkoengier te fangen. It bist wurdt al in pear dagen fermist by Aquazoo yn Ljouwert. Sneon siet it bist noch by minsken oan de Rixtwei yn de Ljouwerter wyk Westeinde op it dak. Ek doe is besocht it bist te fangen, mar dat slagge net.

Sneintemoarn kamen meiwurkers fan Aquazoo opnij yn aksje. Se besochten de kalkoengier te lokken mei in stik fleis, mar ek no bleau de aksje sûnder sukses.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)