Piano foar Flylân

23 maaie 2010 - 10:52

It teater Poadium Flylân kin in piano oanskaffe mei de opbringst fan in benefytkonsert. De útbater fan it teater hie sels gjin jild om in piano te keapjen. De eilanner muzikant Nils Koster hie dêrom mei boargemaster Yorick Haan in aksje betocht om jild yn te sammeljen.

Der wiene sneon ferskate optredens en en dy hawwe hast 2200 euro opbrocht. Yn it teater fan Flylân binne de lêste tiid hieltyd mear optredens fan artysten dy't in piano brûke wolle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)