Makkum wint Jong Nederlân

23 maaie 2010 - 08:25

De ôfdieling Makkum hat sneon, foar de seisde kear yn de histoarje, de Jong Nederlân partij foar junioaren wûn. Yn de finale wie Makkum sterker as it ferrassende Eanjum. Lennart Adema makke it op 5-3 en 6-4 út foar Makkum, mei in boppeslach.

Yn Frjentsjer wiene de lytse preemjes foar Boalsert en Sint Anne, dat de grutte kânshawwer Holwert útskeakele. De winner fan ferline jier, Tsjummearum, ferlear al op de earste list fan Grou.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)