Pleats Blije útbaarnd

23 maaie 2010 - 08:23

In grutte brân yn Blije hat in wenpleats oan de Ljouwerterdyk folslein yn de jikse lein. Om goed fjouwer oere moarns krige de brânwacht de earste melding. Doe't se op it plak oankamen sloegen de flammen al út it dak. Ferskate brânwachtkorpsen hawwe dwaande west mei blussen, mar it fjoer wie al sa fûl dat der eins gjin rêden mear oan wie.

By de brân is asbest frij kaam en dêrom hat de Ljouwerterdyk in pear oeren ôfsletten west.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)