Goed nivo Liet-finalisten

Sneontejûn is yn de Ljouwerter Harmonie de finale fan de 19e edysje fan 'Liet'. Sneon oerdei waard al folop rippetearre. Foarsitter Yvonne Bleize fan Stichting Liet '91 sjocht in goeie takomst foar it festival. Dat hat benammen te krijen mei de ynternasjonale gearwurking yn it ramt fan Liet Ynternasjonaal
De organisaasje fan it Liet festival is goed te sprekken oer de kwaliteit fan de dielnimmers. It nivo wurdt alle jierren heger.