Trekker tsjin beam

22 maaie 2010 - 13:28

In 67-jierrige trekkerbestjoerder is freedtemiddei op de Klaarkampsterwei by Rinsumageast ferwûne rekke. De man kaam in groep fytsers tsjin dy't er romte jaan woe, mar dêrby rekke er in parkearde frachtauto. Troch de klap bedarre hy mei de trekker tsjin in beam.

De brânwacht hat in oere wurk hân om de man út de trekker te heljen, dêrnei is er oerbrocht nei it sikehús fan Dokkum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)