Nije ferkeaptechniken huzen

Projektûntwikkelders gripe nije ferkeaptechniken oan om har wenten kwyt te reitsjen. Yn de Ljouwerter nijbouwyk Blitsaerd krigen sneon twa pontinsjele keapers de kaai fan in wenning om der in wykein lang yn te wenjen. Ek krije se in itentsje en in rûnfeart oer de Bonkefeart.
Dêrmei hopet ûntwikkelder Wind út Drachten de minsken oer de streek te lûken. De Wind Groep hat yn Blitsaerd noch mar trije fan de sechtjin wenten ferkocht.