Slim ûngelok op de Skieding

22 maaie 2010 - 10:30

By in iensidich ûngelok op de Skieding by Surhústerfean binne sneontemoarn betiid trije persoanen ferwûne rekke. De auto is nei alle gedachten mei hege snelheid út de bocht flein en hat dêrby trije beammen rekke.

Twa ynsittenden waarden út de auto slingere en ek it motorblok lei midden op de dyk. Neist trije ambulânses kaam ek it Mobyl Medysk Team op it plak fan it ûngelok. Twa slachtoffers binne nei it sikehús fan Drachten brocht, de tredde is nei it UMCG yn Grins brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)